De tocht fan 2015


Tongersdeitejûn 24 septimber tsjin healwei achten kamen 8 minsken by Hoora yn Heech foar de start fan de tredde alvestêdetocht. Us tsjinstander mei de rose wikel hie stikem in sportive falk boekt mei in spinaker. Wy hiene dêr mei 3 net silers net folle nocht oan dat wy hâlden it by in gewoane falk. Wol namen wy in tinte mei op de boat foar in mooglik rêstmomintsje wannear't wy foar in brêge wachtsje moasten. De oare boat wie net fan doel te sliepen en sy lieten de tinte dus yn Heech. Krekt foar de start waard besletten om dit jier yn elk gefal ris yn Dokkum te sjen. Wy keazen dus foar it rûntsje tsjin de klok yn. By de start wie it al aardich tsjuster dat wy plakten ús topljocht fan de AC Tion yn de mêst en sa setten wy krekt nei 20:00 oere tegearre ôf rjochting Oasingahuzen. Doe't wy út de lijte wei wiene en foar de wyn rjochting de brêge fan Oasingahuzen sylden sette de oare boat harren geheime wapen yn. Mei gong giene hja ús foarby mar net folle letter wie dy gong der al wer út doe't wy ûnder de brêge troch moasten. Hja krigen de mêst net goed del en wy makken brûk fan it momint om harren op in lytse efterstân te setten. Sa koene wy ûngefear gelyk yn Drylts oankomme dêr't wer in protte lijte wie. Wy peddelden as gekken en koene sa krekt as earste troch de brêge komme en dus as earste in stimpeltsje sette.



Op nei Snits rûnen hja wer in bytsje by ús wei mar dochs hiene wy de oare boat noch goed yn it sicht doe't wy by de wetterpoarte ûnder de Lemmerbrêge troch dûkten. Doe die bliken dat ús bemanning net alhiel goed tarêd wie op de tocht. Der wie gjin bier mei en gjin peuken. In koarte tuskenstop by de Oppenhústerbrêge soarge der foar dat wy wer yn alles foarsjoen wiene en sa setten wy de efterfolging yn rjochting de Swette. De wyn wie yntusken al frijwat lizzen gien mar dat hiene wy doe noch net troch wylst wy mienden dat wy noch yn de lijte fan Snits sieten. Yn it tsjuster dreaune wy foar de wyn rjochting Ljouwert. Slingerjend tusken de fûken dy't dan wer lofts, dan wer rjochts in moai oantal meters út de kant wei stiene. Sa no en dan dûkte der in brêge op út it tsjuster mar net lang nei de 'Heak om Ljouwert' koene wy dan dochs loftsôf it Van Harinxmakanaal op. It wie rêstich op it kanaal en al gau bûgden wy wer ôf nei rjochts om sa de stêd Ljouwert binnen te driuwen. Mei wat jaachwurk kamen wy de stêd goed troch en fia de prinsetún rekken wy op de Ie rjochting Dokkum. Wy keazen fansels net foar de brede en ienfâldige wei nei Dokkum mar wy pakten de rûte oer de Bonkefeart. It wie noch al efkes sykjen nei wat no krekt de yngong wie fan de Bonkefeart want safolle stelt dy legendaryske feart no ek wer net foar at der gjin iis leit. De sinne wie yntusken ek wer opkaam en mei in stik tou yn de hân jeiden wy de boat foarby de finish fan de reedriderstocht. Net folle letter sloegen wy ôf rjochting Aldtsjerk en it ferneamde tegeltsjesbrechje. Doe kaam der gelokkich ek wer wat wyn en sa koene wy foar de wyn trochdriuwe nei Aldtsjerk ta. De oare boat hiene wy noch altyd yn it fisier.



By Aldtsjerk makken wy in bocht rjochting Bartlehiem en dit wie frijwat oan de wyn mar mei tûk silen koene wy, bytiden minder as in heale meter fan de kant ôf bliuwend, it betonnen brechje fan Bartlehiem yn ien kear oansile. Doe gie it wer moai foar it lapke nei Dokkum ta. Troch Burdaard en foarby de Klaarkampsterbrêge kaam úteinlik de stêd dy't wy de beide foarige tochten lofts lizze litte moatten hiene yn sicht. De oare boat wie yntusken al wer op de weromreis want de Iebrêge wie te leech en hie dûbeld read. Wy woene noch al graach efkes oant it kearpunt en it die bliken dat de brêgewipper efkes om kofje wie mar nei 5 minuten kaam hja mei de skooter oan racen dat wy koene troch nei de binnenstêd. De beide brêgen wiene gau foar ús iepen en ek de lêste twa fêste brêgen wiene wy rap troch. Wy hiene no net allinnich wyn mei mar ek de streaming gie de goede kant út. Op it kearpunt makken wy de nedige fotokes en doe die bliken dat de mem fan ien fan ús bemanningsleden op de kant stie. Wy moasten efkes oan by it Raedhûs want dêr wurke de broer fan dat selfde bemanningslid. Nei oardel oere fertraging en in pear lekkere hapkes en ien wat minder noflik slokje koene wy de reis ferfolgje. Us flachje wie yntusken al in kear fan boven dondere troch wat oerhingjende beammen oan de kant yn Dokkum mar mei in pear tie-ripkes koe dat gelokkich wer makke wurde. No waard it al wat dreger want der moast no lavearre wurde tsjin de wyn en de streaming yn. Mei flink wat peddelwurk berikten wy oppenij de beide brêgen dy't troch de freonlike brêgewipper flot iepene waarden. Wy krigen noch wat ekstra wjerstân troch it skroefwetter fan in flink opboud frachtskipke dat krekt foar ús troch de brêge gie mar nei de Iebrêge woene wy it graach wer silend oplosse. In flink ein lavearjen lâns de kronkeljende Ie dy't der foar soarge dat wy koarte en lange slagen mei elkoar ôfwikselje koene. No en dan sieten wy efkes mei de kyl yn de drek mar it waaide gelokkich noch hurd genôch om der mei de boom en it seil wer út te reitsjen. De brêgewippers fan de Klaarkampsterbrêge en fan Burdaard wurken no mei en wipten foar ús de brêge sadat wy krekt foar tsjuster wer yn Bartlehiem wiene. Krekt no't wy wer wat healwyn krije soene hâlde de wyn der wer mei op en in part fan de bemanning hie wol nocht om yn Bartlehiem te oernachtsjen mar wy setten dochs noch efkes troch en sa kamen wy al jeiend en bomend úteinlik noch yn Alde Leie oan dêr't wy op de automaat troch de slûs rekken om ferfolgens de boat yn it Bildt oan de kant te knoopjen. Mei in pear buorreltsjes koene de sliepsekken efkes waarm wurde op de kachel en sa setten wy de tinte op de boat om ús efkes lekker del te jaan. De oare boat wie noch efkes trochsetten mar nei't letter bliken die by Berltsum ûnder in brêge lizzen bleaun. Hja hiene ommers gjin tinte mei.



Moarns betiid wie der noch altyd gjin wyn en dus haw ik de rest fan de bemanning noch efkes wat rêst gunt mar op in gegeven stuit moasten wy al wer fierder fansels. Jeiend troch de klaai kamen wy fierder troch it Bildt en de wyn dy't 180 graden draaie soe die dat úteinlik ek sawat en sa koene wy foar de wyn wer wat driuwe rjochting Wier. Dêr giene wy wer troch de automatyske slûs it Bildt út en no noch in flink ein rjochting Frjentsjer. It froulike part fan de bemanning wie der yntusken hillich fan oertsjûge dat de folsleine tocht foar har krekt wat te lang duorje soe dat der waard al oantrúnt om de snelste wei nei Heech te kiezen mar nei Frjentsjer wie de rûte oer Harns nei Boalsert net in hiel soad om dat wy besletten om yn elk gefal oant Boalsert de offysjele rûte oan te hâlden. Yn Frjentsjer wie it fansels wer ien grutte lijte mar mei de peddel der by kamen wy efter it Sjûkelân en de troch ús sa faak besochte Bogt fen Guné wer op it Van Harinxmakanaal út. No hiene wy de romte en koene wy wer wat iten meitsje op wei nei Harns. It like wat ta te fallen mei de streaming en yndie wie de slûs net oan it spuien. Wy hiene noch efkes lijen mei in keardel mei in grut jacht dat miende dat wy rjochts hâlde moasten mar wy sylden oan de wyn en koene troch de binnenbocht te nimmen krekt yn ien kear it kanaal besile. Der wie oars ek romte genôch foar de man dy't sels de helft fan de tiid midden yn it kanaal fear. Krekt foar de slûs swaaiden wy Harns yn en sa giene wy foar de wyn troch de stêd rjochting Kimswert. De froulju hiene yntusken besletten dat hja net noch in nacht troch woene en ek ús jagersman gie doe oerstach. Wy praten ôf dat wy de boat noch oant Boalsert bringe soene en dan soe ik snein wol sjen hoe't de boat wer yn Heech kaam. Fansels gie mei it ljocht ek de wyn wer út dat nei Kimswert wie it in hiele toer om yn Boalsert te kommen. Uteinlik waard besletten om de froulju dan alfêst mar út Wytmarsum oppikke te litten. De beide manlju soene dan noch efkes troch bikkelje nei Boalsert. Ien fan de froulju moast myn autokaai mei hawwe en hja brocht dy yn Skettens wer werom. Dêr bedarren wy yn de âld haven by in keet mei allegear jongelju. Ik hie op dat stuit it idee dat dat in alderaardichst moai plakje wie om de nacht troch te bringen dat de rest fan de bemanning gie no ek fan board en ek bleau by de jonge mannen fan Skettens efter. Dêr hawwe wy ús goed fermakke mei bier en bearenburch en kampfjoer en prachtige muzyk. Doe't de mannen op bêd giene krûpte ik foar yn it puntsje fan de polywikel want om de tinte op te setten hie ik net folle nocht oan.



Sneintemoarn wie der wer ljocht mar noch gjin wyn dat ik peddelde fleurich mei in wazige harsens rjochting Boalsert. Der wie noch in automatyske brêge dat ik koe it mêststriken in kear oerslaan en sa kaam ik oan yn Boalsert. De earste brêge yn it sintrum gie ik noch mei de mêst plat ûndertroch mar de brêge krekt dêrnei waard al efkes foar my draait. No hie ik de kar om lôftsôf nei Drylts as rjochtút nei Warkum. Der kaam wer in bytsje wyn dat ik keas der foar om rjochting Parregea te driuwen. De brêgewippers op de Warkumer trekfeart wurken goed mei en sa koe ik rom foar 12.00 oere troch de brêge fan Parregea dy't te leech is foar in polywikel. In dik oere letter lei ik yn Warkum foar de brêge dy't doe krekt fan dûbeld read helle waard. Sa koe ik om 13:00 oere moai troch de beide brêgen hinne. No wie ik fan gjinien mear ôfhinklik útsein de wyn fansels en ik besleat om Hoora te skiljen dat ik de boat noch graach in dei langer hiere woe. Ik moast en soe de tocht folbringe dizze kear. Dat wie fansels gjin beswier dat ik hie no wer rom 24 oeren de tiid. Foar de wyn, meastentiids allinnich op it grutseil fanwege de bochten en it smelle wetter gie ik op nei Hylpen. De kanorûte wie bytiden sa smel dat ik it reit oan beide kanten tsjin de boat oan fielde. In pear sloepkes seachen hoe't ik brêge nei brêge allinnich troch kaam en nei in pear hobbeltsjes oer ûndjipten by de spoarbrêge kaam ik yn Hylpen oan. Dêr leine in pear skippers fan de Kameleon dy't my wol efkes triuwe woene mar dat woe ik fansels perfoarst net. Al peddeljend kaam ik de stêd wer út en no koe ik wer sile rjochting Koudum en Molkwar. Krekt foarby Molkwar wie it wer goed ûndjip en sa haw ik noch in pear kear fêst sitten foardat ik de Noarderdyk oan myn rjochterkant hie. Moai ûnder de Iselmardyk troch kaam ik úteinlik yn Starum. Dêr mocht ik noch efkes sûnder al te folle wyn om it stasjon hinne peddelje en doe wie ik by de Kowebrêge. Ik hie nocht oan in herinkje fan Doede mar Doede wie al ticht dat ik besleat om noch mar efkes troch te setten. Op it Johan Frisokanaal koe ik wer lavearjend fierder mei it bytsje wyn wat der noch wie en doe't ik úteinlik oer it akwadukt fan de Galamadammen hinne kaam wie it sykjen nei de yngong fan de Luts. Der leine ferskate boaten foar anker mar ik siet op it ferkearde plak te sykjen en haw hast in oere omsyld. Doe kaam ik eindelik by it beaken en ik wie skjin oan 'e ein dat ik bin moai yn de yngong fan de Luts lizzen gien en koe doe it earste stikje fan de moanne al read wurden sjen.



Dy nacht haw ik ferskate kearen wekker west en sa haw ik alle fases fan de fertsjustering wol meikrigen neffens my. De moarns betiid bin ik wer begûn te peddeljen mar dat skeat net bot op dat ik haw it mar ris mei de boom besocht. It duorre efkes eart ik it bomen sûnder stjoerman goed yn it snotsje hie mar op in gegeven momint hie ik it aardich foar elkoar. Mei de mêst plat koe ik steande by de kyl de boom skean nei efter triuwend de boat redelik rjocht troch de sleat krije. Doe't ik rjochting de wyldemerk gie krige ik de opgeande sinne rjocht fan foaren en dat yn kombinaasje mei de wjerspegeling yn it wetter makke it sicht nei foaren eachferblinend. Gelokkich koe ik net folle letter de bosk yn en sa kaam ik nei in pear oeren bomen eindelik yn Balk. Nei de lêste brêge haw ik it seil wer setten mar de Luts wie rjocht yn de wyn. Omdat ik wol klear wie mei dat bomen haw ik de boat troch de Luts lavearre oant de Sleattemermar ta. Doe koe ik heech oan de wyn rjochting Sleat en dêr haw ik de polywikel mei de mêst plat troch de stedsgrêft peddele. Foarby it kanon haw ik it seil wer brûkt om oppenij lavearjend by de brêge by it fabryk te kommen. De brêge wie al iepen foar in kruser mar ik hie gjin nocht om twa euro te beteljen dat ik haw de mêst mar wer plat goait en haw my oan de op my del donderjende brêge der gau ûndertroch lutsen. Doe koe ik wer rjochting de Sleattemermar en gelokkich koe ik no de mûning fan de Ie nei Wâldsein krekt oansile. By it boskje krige ik wer flink lijte dus koe de peddel der wer oan te pas komme mar it slagge al om lavearjend oant de brêge ta te kommen. Omdat it dêr no hiel drok wie mei boaten dy't fan alle kanten ûnder de brêge troch woene haw ik it lofter gat mar keazen. Dat wie de lêste brêge en no koe ik fierder nei Heech alles sile. It earste stikje noch efkes oan de wyn mar rjochting de gouden boaium krige ik sels noch wer aardich gong en sa wie ik moandei tsjin fjouweren wer by Hoora. Ik wie kapot mar foldien. De ienige fan ús ploechje dy't de hiele tocht yn ien wike sylt hat. Oar jier de tiid fan dik 90 oeren mar ris oanskerpje want mei goeie wyn moat it yn de helft fan dy tiid wol kinne.





Recreatieschap Marrekrite Voor iedereen die van de Friese natuur houdt Repko Snits foar al jo sportprizen Steun KiKa in de strijd tegen kinderkanker Warkumer ierdewurk In hardstikkene goed doel